|
DE
LEMSTER SKIPPERIJ
Būtenfeart.
De Lemmer hat troch de ieuwen hinne foar
it greatste part syn bistean foun op it
wetter. Hjoed-de-dei is it noch altyd in
tige wichtich plak foar de skipperij.
Undanks it Prinses Margrytkanael foar de
greatere skippen yn it nasionael en
yntemasionael forkear ut Holląn en
Belgié nei Noard-Dśtslān, moat de
Lemsterslūs elts jier noch in tal
skippen fan meiinoar oer de miljoen
tonne forarbeidzje.
Net
allinne mei Frankryk wie in soad hannel
mar ek mei de Eastsélannen.
Sa is der yn 'e famylje Sleeswijk in
skipsjoumael biwarre bleaun, dźr't in
forslach yn stiet oer sa'n tocht yn it
jier 1729 fan de Lemster skipper Haeije
Boukesz. Mei it nije fluit skip "De
Jonge Swaen" wie hy fan 'e Lemmer nei de
Flie-ré feam en op woansdei 4 maeije
waerd it anker licht en bigoun de greate
reis. It eindoel wie Vyborg (Finlįn) om
dźr in skipfol hout wei to heljen. Op 26
juny wiene hja sūnder ūngemakken werom.

|
Fluitschip uit het midden
der 17e eeuw. |
Stjūrman
op "De Jonge Swaen" wie Sicke Frederiks
Sleeswijk, ut hokker laech de lettere
Sleeswijks kamen, dy't oant om 1920
hinne hjirre de houtseagerij dreaun ha.
Sūnder mis hat dat houtfarren ut de
Eastsélannen wei de foarrinder west fan
de yn lettere jierren oprjochte houtsaek.
De Lemmer hat altyd in tuskenstasjon
west foar de skipfeart fan Sūd nei Noard
en oarsom. Ek yn de Frąnske tiid wie it
de haven foar it forfier fan fracht en
soldaten oant yn Dśtslān, Dat der doe
wol hwat om hear gyng, docht bliken ut
de douaneregisters fan maeije 1812.
Allinne yn
dy moanne binne 1460 skippen troch de
ąlde slūs kommen, noch ōfsjoen fan
inkelde hūnderten skippen dy't foar de
Fransken hjir oanleinen en trochfoeren.
Yn de perioade fan 2 jannewaris oant 26
novimber 1812 is der oan fjūr- en
havenjild f 2037,- ynbard. Der wie 37
sint it skip forskuldige, sadat yn dat
tiidrek 5505 skippen troch de Lemstersyl
gyngen. Yn 1910-'14 wienen dat 58.908
skippen of trochinoar 11.782 jiers.
Binnenfeart.
It
wetterforkear wie foar 1800 fan folIe
greatere bitsjutting as it lānforkear.
De Lemmer hie mei Hams en Starurn slūzen
om it séwetter to kearen en de skipfeart
tagong to jaen nei de Sudersé. Dizze
skipfeart hat troch de ieuwen hinne fan
tige great bilang west foar De Lemmer en
dźr hat dit
plak syn opkomst oan to tankjen.
De ālds te feartsjinsten binne al ut it
bigjin fan 1700. Sa founen wy, dat op 13
maert 1703 oktroai forliend wurdt oan
grytman Van Andringa foar in
beurttsjinst fan 'e Lemmer op Swol.
Amsterdam folget yn 1719 en Grins yn
1727. Njonkelytsen wienen hjir forskate
beurttsjinsten, bygelyks op Snits, De
Jouwer, Boalsert, Balk, De Gordyk, Grins,
Amsterdam, Kampen, Ljouwert en Stroobos.
Dat de Lemsters ūndernimmingsgeast
hienen, docht bliken ut de oanfraech fan
immen om in beurtfear yn to lizzen nei
Schiedam.
Hy wol dan
neist oare fracht spesiael it Ierfier
fan sterke drank nei it noarden en nei
De Lemmer ha, om it dźr oer to laden
foar de omlizzende plakken yn Fryslān en
Grinslān. Troch it hannelsforkear hie
men kontakten mei West- en Sūdnederlän
en mei it noarden oant yn Dśtslān.
Neist it gewoane frachtforfier kaem ek
it forfier fan reizgers ut fiere
omkriten en it fear fan 'e Lemmer op
Grins hat yn dit stik fan saken bikend
west. De beurtskippen wienen dan ek
tagelyk ynrjochte foar it forkear fan de
reizgjende man. Underweis nei De Lemmer
of Grins naem men minsken op of sette
guon ōf, dy't dan fierder de ein fan har
bistimming sochten, itsij oer sé, itsij
nei Swol of Kampen.
Lykwols
forrint it by de beurtfearen net
allegear like maklik. Geregeldwei komme
klachten yn oer it laden, it forfier fan
guod en passagiers. Troch in ynfieren
fan de wet fan 1815 kriget it
gritenijbistjūr it rjocht om regeljend
op to treden en dan wurdt it gans better.
Ut in skriuwen fan it gritenijbistjūr
oan Deputearre Steaten docht bliken dat
dan ūndersteand tal beurtfearen erkend
is:

Underwilens hie de stoomkrźft syn yntré
dien en yn 1864 wurdt it gemeentebistjūr
om advys frege oangeande in forsyk ta it
ynlizzen fan in stomboattsjinst fan 'e
Lemmer op Grins. De forgunning is
neijerhān jown oan de hearen W. J. H.
Geveke en J. Nieveen to Grins. Dizze
tsjinst hat de foarrinder west fan de
letter sa bik ende stomboatmaetskippij
Grins- Lemmer.
Ut in
antwurdbrief fan Deputearre Steaten,
dy't yn 1875 om inkelde ynljochtingen
oer de binnenskipperij yn 'e Lemmer
fregen, witte wy dat dźr doe thus
hearden;

It wienen
dus meast lytse skippen, dy't stadichoan
fordwounen neigeraden dat der mear
stomboaten kamen.
De
Lemmer-Amsterdam.
Yn maert
1719 krige skipper Albert Hanses fan de
Steaten fan Fryslān in forgunning foar
it ynlizzen fan in fear fan De Lemmer op
Amsterdam.
Letter droech hy dat rjocht oer oan
Regnerus van Andringa, dy't in soad goed
dien hat foar De Lemmer en dźrfcar
algemiene biwūndering en tankberens fan
de boargerij krige. Troch it byinoar
bringen fan ūnderskate beurtfearen en it
bifoarderjen fan skipsbou en fabriken
hat Van Andringa der ta meiholpen, dat
dit plak fan in neatsizzend
fiskersdoarpke ūtwoeksen is ta in
bilangrike oan- en trochfierhaven.
It fear
nei Amsterdam hie it neist frachtforfier
ek drok mei it oerbringen fan persoanen
en faek wienen dagen tofoaren de kajuten
mei sliepplak al bisprutsen. Hjir op
oanslutend hie Van Andringa ek in
weinfear fan 'e Lemmer nei Grins en
letter nei Snits en Ljouwert. Foaral yn
de tiid doe't hast alle forkear noch oer
it wetter gyng, wie De Lemmer it sintrum
fan ūnderskate forbiningen.
Nei
oanlieding fan in adres oan de Kening
foar it ynlizzen fan in fźste tsjinst
mei in stomboat fan Amsterdam nei De
Lemmer foar it forfier fan persoanen en
frachtguod wurdt by de gemeente om advys
frege. Dat wurdt jown troch de grytman,
dy't tagelyk in forlykjende skóging oer
de stoomen sylfeart byfoeget. Dźryn
stiet ū.o., dat de sylfe art de ōfstān
fan 'e Lemmer nei Amsterdam faek yn seis
ūren docht, mar soms kin dat ek 5½ ūre
wźze.
Der wurdt
net oannommen dat de stomboat de
oertocht flugger dwaen silo Būtendat hat
de praktyk ūtwiisd, dat in stomboat by
in wylde en holle sé gauwer lizzen
bliuwt as in sylskip. Sa'n boat sil op
'e Sudersé it fakentige woelige wetter
ek net treast wźze. Fierders wurdt der
wiisd op de ūndjipte
Pampus, it Inkhuzersān en de droechte
foar de Lemster haven, dy't alle trije
yn de koerts fan Amsterdam nei De Lemmer
lizze en dy't gjin djipgeande skippen
talitte. De oanfrege ūndernimming sil
gjin forbettering wźze foar publyk en
keapmansguod. Foar f 1,25 hat de reizger
yn it beurtskip in goed forbliuw mei
bźdden en de lytse man, dy't gjin bźd
hat, komt yn in goed forbliuw de sé oer
foar f 0,55. It bisteande fear kin
feilich en goedkeap neamd wurde en der
wurdt alles oan dien om de feiligens sa
heech mooglik op to fieren.

Lemster
beurtschip.
Der binne
miskien wol skippen dy't de Lemster
beurtman moai aerdich op 'e side komme,
mar gjinien skipper is him oermānsk.
Wy doarre dit to sizzen, sa skriuwt de
grytman, om't wy soks heard ha ut de
mūle fan in bikwaem marine-ofsier, skout
by nacht Lemmers silger. Dy koe it him
suver net bigripe hoe't de beurtman sa
goed en sa fluch mei in swier laden skip
omgean koe, en dan trochgeans ek noch by
nacht as der
by Amsterdam in hiele float it IJ op en
Of fart. Fiif jier letter wurdt de
stomboat "De Ysel" ynlein op in fźste
tsjinst fan Amsterdam op 'e Lemmer.

|
Ondertiteling onderaan op de afdruk:
Stoomschip "IJssel" bouwjaar 130 Verschure Amsterdam- 1942 "IJsselstroom"
1964 J.H.D. Koppe- 1973 "Scherpenhof"- 1975 "Pax IV"- 1976 "Stad
Enkhuizen"- 19.. "Columbus" |
Njonkenbidriuwen.
It
wetterforkear brocht mei, dat op 'e
Lemmer ek bidriuwen dy't mei de
skipfeart forboun wienen fan 'e groun
kamen. Sa waerd Jouwert Sybrands Stapert,
dy't berne wie to jistrum yn 1689 en yn
1719 op 'e Lemmer boaske mei Tetje
Nannes (Muscullus) opnommen yn 'e saek
fan syn skoanheit, Nanne Nannes, berne
1670.
Dy wie
houtkeaper en hie ek in saek yn
Medemblik.
Soan Sjoerd Jouwerts Stapert -
Sjoerdbaes - waerd tige bikend as
wetterboukundige, oannimmer fan publike
wurken en skipsbouwer.
Dat de Lemster skippen fan de famylje
Stapert in hiel goede namme hienen, kin
blike ut in sulveren bokael dy't
hjoed-de-dei noch to sjen is yn it
stedmuseum fan Frjentsjer. Dy bokael
moat skonken wźze troch de Kening fan
Sweden as blyk fan wurdearring foar de
goede kwaliteit oarlochsskippen dy't
troch neamde skipsbouwers levere wienen.
Zie voor meer uitleg
Stapert.
Dus neist
hannels- ek oarlochsskippen en de namme
fan 'e Lemmer waerd dźrtroch yn in great
diel fan West-Europa bikend.
Ut meidielingen oan Deputearre Steaten
wurde wy gewaer, dat der tusken 1850 en
'73 yn dizze gemeente mar ien
skūtmakkerij is foar de oanbou fan
skippen foar de binnen- en būtenfeart.
Yn dat tiidrek rounen fan steapel
skoeners, koffen, smakken en tsjalken.
Ek wurdt trochdien dat it wurkfolk
yn 1850 f 0,90 - f 1,10 deis fortsjinne
en de bazen f 8,- yn de wike mei frije
hūshier. Yn 1873 hienen de wurklju f
0,10 - f 0,14 yn de ūre en de bazen f
10,- wyks mei frije hūshier.
Neist
skipsbou kaem De Lemmer sa yn it lźst
fan 'e 18de en yn it bigjin fan 'e 19de
ieu ek nei foaren troch syn mźst-, blok-
en seilmakkerijen en boppedat wie hjir
doe in touslaggerij.
Yn forbān mei it greate bilang fan de
skipfeart foar De Lemmer waerd hjir yn
1819 in maritime skoalle oprjochte; dy
hat lykwols mar inkelde jierren bistien.
De
stjūrman fan "De Jonge Swaen", Sicke
Sleeswijk, is yn 1733 troud mei
Corneliske Cornelis. Hy wie doe
"grootschipper", reder en séhanneler en
hie in taenderij en in seilmakkerij, Hy
en syn frou binne beide yn de Ned. Herf.
tsjerke op 'e Lemmer bigroeven.
Cornelis Sleeswijk, dy't ūntfanger fan
de gritenij en fan it wetterskip "De
Zeven Grietenijen en Stad Sloten" wie,
kocht yn 1849 de houtmoune oan de Rien.
Hy wie in great Lāneigner en
mei-oprjochter fan de Ychtener
feanpolder.
Jierrenlang hat de seagerij eigendom fan
de famylje Sleeswijk west en de moune
wie foar mannich arbeider yn it gea fan
Lemsterlįn de klok, hwant as de fluit
gūlde wist men yn fiere omkriten, dat it
tiid fan skoftsjen wie. Sa om 1920 hinne
is it bidriuw yn oare harmen oergien en
nou is it in ūnderdiel fan de
Halbertsmafabryk to Grou. Yn 'e rin fan
de jierren is de bou fan skippen to
neate gien, mar de njonkenbidriuwen
binne bleaun.
Havenwurken.
Nei't de
Lemsters mei hiel hwat arguminten yn
1860 oan de Kening it forsyk dien hawwe
om meiwurking foar it ūtdjipjen fan de
haven, kloppet it gemeentehistjūr yn
1875 by Provinsiale Steaten oan om de
Lemsterrien to forbetterjen. Dat
farwetter wie yn ūnderhāld oergien nei
de provinsje en der wurdt nou frege om
it wider to meitsjen. By it fornijen fan
de Truitjesylsbrźge is de wiidte brocht
op 7.75 m, mar efkes westlik fan 'e
brźge is dat mar 5.50 m.
Soks is
fan dy gefolgen, dat de greatste skippen
net troch de Truitjesylsbrźge en de
Lemsterslūs farre kinne en dźrtroch
wurdt it de skippers ūnmooglik makke om
de maklikste forbining mei Hollān to
folgjen. Ek eastlik fan neamde brźge is
forbreding wol nedich. Oer in lingte fan
50 m is de wiidte fan it wetter 9.25 m,
dat de greatere skippen kinne elkoar
amper foarby komme.
Om ta
dizze needsaeklike forbettering to
kommen hat de Rie yn it bilang fan de
skipperij in bisprek hawn mei de eigners
fan groun en huzen oer it ófstean fan
har eigendommen. Tsjin in forgoeding fan
f 5000,- mei dźrnjonken de kosten fan it
öfgraven en it meitsjen fan in wālmuorre
sille de kosten westlik fan 'e brźge
oprinne oant f 7500,-.
Foar it
ūtdjipjen en oar wurk fan it eastlike
part wurde de kosten op f 9000,-
bigreate. It gemeentebistjūr freget
Provinsiale Steaten foar it westlike
dielom in subsydzje fan 50% en foar it
eastlike stik in bydrage neffens in
persintaezje yn oerienstimming mei it
provinsiael bilang. It provinsiael
bistjūr is net op it adres fan 'e
gemeente yngien en it wider meitsjen hat
noch jierren in punt
fan bisprek en oerliz west.
Yn
septimber 1881 kriget it gemeentebistjūr
in brief fan it wetterskip "De
Lemstersluis" , dźr't yn oanbean wurdt
it leverjen, it pleatsen en it
ūnderhalden fan in mistklok op 'e
westhavendaem, alles op kosten fan it
wetterskip. Dat oanbod wurdt yn greate
tank oannommen.
Nei't yn
1880 oan Provinsiale Wetters teat yn
Fryslān skreaun is, dat it
gemeentebistjūr it greater meitsjen fan
de haven mei sa'n 100 į 150 m tige
winsklik achtet, wurdt twa jier letter
in forsyk stjūrd oan de Minister fan
Wettersteat oer de havenforbettering,
hwerby't op greate haest oanstien wurdt.
De skipfeart nimt alle jierren ta en is
nou al ūtdijd ta in 15000 kof-, tsjalk-
en skoenerskippen, meiinoar mei mear as
in miljoen tonne yn häld. Dźr komme dan
noch de fiskersskippen en de fźste
beurttsjinsten fan 'e Lemmer op
Amsterdam en oare plakken by. De haven
is faek to lyts om alle skippen to
herbergjen en sadwaende moatte de
fiskers dan būten de haven foar anker
gean.
As it
gemeentebistjūr heart dat it wetterskip
"De Zeven Grietenijen en Stad Sloten"
mei it provinsiael bistjūr plannen
ūtwurke hat om de sédiken to forswierjen,
is hja fan bitinken dat by it trochgean
fan dizze plannen in forgreating fan de
Lemster haven net ūtbliuwe kin. De
gemeente skriuwt Deputearre Steaten om
ynljochtingen en freget "Schuttevaer" om
meiwurking yn 'e plannen. Tagelyk giet
in skriuwen nei de Keamers fan
Keaphannel fan Grins, Ljouwert, Snits,
Dokkum, Hearrenfean, De Gordyk, Wynskoat,
Delfsyl, Feandam, Amsterdam en Saendam,
en wurdt der oangeande de
havenforbettering by de Minister fan
Wetters teat nochris op haest oanstien.
De
forbettering hat yn beide Keamers oan de
oarder west en in kommisje ut de Rie hat
in ūnderhāld hawn mei de Minister, mar
op de ryksbigreating foar 1883 stiet
lykwols noch gjin jild foar de
havenforbettering.
Inkelde jierren letter is it farwetter
troch De Lemmer forlein en binne nije
slūs- en havenwurken ta stān kommen.
Bron A.E.
Klijnsma. 'In Kuijerke Troch It Forline' |