TUSKEN TJONGER EN IE. Toponymen.
Foar hwa't it wurd toponymen net thûs bringe
kin,is hjir dan de betekenis: toponymen binne de ierdrykskûndige
nammen. De bedoeling fan dizze rigge artikels is, om hwat mear
bikendheit to jaen oan de nammen fan lannen, wegen, dyken ensfh.
Fan tige bilang binne de floreencohieren
fanôf 1700. Dizze jowe in opjefte fan lân hweroer bilesting bitelle
wurde moast, hjiryn ek hiel hwat nammen. Dizze cohieren binne yn
hânskrift en fanwege de krullen en halen net altyd like maklik to
lêzen. ,To rieplaehtsjen op it Ryksarehief to Ljouwert.
DE LEMMER, LÂNNAMMEN. In Claescamp, (B 1543) en (F 1748), west fan de Mutserf.
In Hernschcamp, (B 1543) Toe Fenne eynden, (B 1543) In de Groetcampt, (B 1543) De Westercamp, (B 1543) Een Bandacker lopende van de dijksloot aen de Rien, (F 1748) Nog voor pond in de Lemster Buiten Brekken de Bijl genaemd, (F 170) wie tsjerkelan. De namme Bijl kin wize op de foarm fan it lan, mar ek kin it wêze dat it fan Bile - Bil - Bild komt. Dan hat it de bitsjutting dat it hwat bolfoarmich boppen it oanlizzende lan utkomt.
De Lemster Buiten Brekken,
(F 1798) In de Hop of Buiten Brekken, (F 1748) tsjerkelan,
dit Hop net forwarre mei it Hop east fan de Lemmer. Op de Duykerswal, (F 1748) Het ErwtIandt lopende van de kolk tot aan de hop, de dyk ten zuiden, de Zijlroede ten noorden, ((F 1700)) Dit wie tsjerkelan, 't kin wêze dat dit lan brûkt waerd foar de bou fan peulfruchten foar bideling oan de earmen, to mear om 't dit tsjerkelan wie. De Breede Fenne by verscheidene koemelkers gebruykt, lopende van Fedde Sybrens Helling tot aan de sloot van 't volgende stuk de Vaart ten zuiden, ((F 1748)) De Brede Fenne wie it stik lan wer nou de gasfebryk op stiet. Voorste stuk van de Fenne, ((F 1748)) Lopende uit de Rien aan de hoge Fennen, (F 1748) Hjir sil mei bidoeld wêze de Hege Fonnen, it sté dêr 't de camping fan Frans de Witte was. In de Gerbenschar, (F 1748) Alle gelegen in 't Gaastyeld, (F 1738) In de Heerenscamp (1748) Tsjin platte dyk oan west fan de Mudsert, krt WS 1859 Een half pond in de Hoek van de Keeg, (F 1748) Lopende van de Inform (tot) aan de Presterscamp, (F 1748) Jacheiland genaemd, (F 1700), is tsjerkelân In de Keeg, (F 1748) In de Nijmarder Keeg, (F 1738) In de Leyen buytendycks, (F 1748)
In de Kinderkamp,
leggende op, de Langeslootswal, (F 1748) Drie en een half ponds
lands, in de hop de Kerkevijf ten noorden, (F 1748)
De Molencamp de Lemster
huizen ten noorden, de Zeedyk ten zuiden, lopende van de sloot van
grietman Andringa hof, tot aan de dwarssloot, De Muytzard, (krt 1718) Manepolle leggende tusschen de hopen Lemster buitenbrekken, (F 1700) Op de Priestercamp, (F 1748) Lopende uit de duyker tot omtrent halfwegen het Schar, (F 1748) Op de Hoge Fennen De Spek genaemd, (F 1738) In de Stolte camp, (F 1748)
Het Steenland is alhier
vergraven lopend uit de Kolk tot aen de 'Hop, de Zeedijk ten zuiden
de Sijlroede ten noorden, (F 1748) Een stukje land lopende van de
Engwirder kolk tot aan de Steen-kolk het Turfland genaamt. (F
1748)
De Maden tusschen de rieden
zuidelyke grens van het erwtland (F 1748) In de muisvaart de
Rieden ten noorden (F 1738) De weerde camp, (F 1748) Polder de Aap of Mirderveld, krt. WS 1859 Afgegraven land N fan de Lemsterhoek, krt WS 1898 De Batterij oan de Strjitwei, forkeap 86 roede weidlân, L.C. 1860
Brekkenpolder of
Kikkerpolder de Fok 1e stik lân tusken Nyedyk en rige
pealwurk, dat roun fan it Ooievaarsnest nei it eadere tramstasjon
1880" De Fenne lyts trijehoekich stikje lân by Teakesyl, krt. WS 1926.
Hop. 1877 bigoun men mei
de oanliz fan in kapwurk, hjirtroch waerd it oanslibjen bifoardere.
Yn 1922 krige men tastimming fan Gedeputearde Staten om it Hop
droech tolizzen. L.C. 1878 12-12: Verzanding van de haven van Lemmer
wegens de aanleg van een stenen dam door het
Lemsterhoek, is al yn
1413 forwoest, it hat eartiids in doarp of streek west, de resten
sille wol yn sé lizze, hwant de dyk is faek forlein yn dy kriten
Mar de namme is oan 't hjoed de dei biwarre bleaun.
Murkomslantsje fan de
helling fan Poppen oan Pasfear 1880. Dit stik lân roun winters
ûnder, dêr koe men dan al gau op ride, ek
Mounepolle De Schudding súd fan de Langesleat, krt. WS 1856 De Uitheiing. It eastlik diel bidike troch in kadyk yn 1850. It westlik yn 1856 Het Zandland, krt WS 1859. Het zandland lei op it plak fan de jachthaven
Foto van Charlotte Sterk Huiskes -Lemmer kijkje bij de sluis.
DE LEMMER, WETTERNAMMEN. Lopende uit de Kleine Brekken tot in het moddrig wijd, (F 1748) Lythie Breek, B 1543 De lytse 'Brekken is droech makke, hat lein ûngefear wer nou de aquacamping is.
De Brekken, (F 1738). De
forklearing fan de namme Brekken is heal lân, heal wetter. De
betekenis komt hiel moai 'ut yn in stik ut de Benificiaal boeken
ûnder Dunegea "mad mei de geast deer de twa mad fan is breeckland
off heenland off onland der in weta jeeren naet fulle
fan rispet is". (Der forskate jieren net folIe fanôf helle is).
Doolhofsloot 1880, roun tusken efterkant fan de huzen Langestreek en Túnstrjitte. Fennesloot of Nijeduiker, krt 1713 fan de Mudsert nei Teakesyl sédyk, "waterlossinge" stiet der by. Vaenesloot, krt 1664, selde as Fennesloot
Het Hellinggat, (F
1748) Der, wiene yn de Lemmer mear gatten. Men sei: deade gatten,
dizze útrinners fan Rien en Dok. Sa wie der ien neist de R.K.
Tsjerke, neist de timmerwinkel fan Tinga, tusken gemeentehûs en
Herfoarmde Tsjerke, ien yn de Flevostrjitte op dat sil boppeneamd
hellingat wêze dan ek in gat yn 't Waaigat op. Gat van Emden, krt 1718, hwer de Sylroede út it Stroomkanael komt. Siemens Loen Gatten 1880, oan de sudkant fan de Plattedyk. Hjirut wie de groun helle foar de Plattedyk. Molensloot, (F 1748)
Molensloot Het Moddrig Wijd, (E 1748), is opgien yn 't Stroomkanael. De oude duyker, krt. 1664, fan súdpunt Brekken nei Stoomgemael. Op de westereg van Synnerts sloet. (B 1543).
Kolken, Us gea mei syn
súdlike grins oan de sé, hat mear as ien kear fan de sé to lijen
hawn. De Engwirder Colk (F 1748) It kampeerterrein ,H Ooievaersnêst' stiet der nou op. Neamd nei Engwirden, dat letter opgien is yn 't Hearrenfean. Reenkolk, krt Schotanus 1718. Dit, is fout skreaun en moat wêze Steenkolk, lyts kolkje dat even oan de Lemster kant fan it wite húske lei, der wie in sleat dy forbining hie mei de Sylroede. Oan dizze sleat in wettermoune dy't it polderke droech mealde dat nou it parkeerterrein fan 't stran is. Teroele Kolk, ûntstien yn 1702, hie mear nammen Greate Kolk of Jan Siebeskolk. Is de kolk by it Stoomgemael, der flakby wie in lytsere kolk, ûntstien yn 1616. Dizze hie in útwetteringslûs, oanlein troch de Kompagnons fan 't Hearrenfean. Donyagaer Kolk krt 1718, tusken Stoomgemael en Lemsterhoek.
Houtmoune Kolk, is lang
yn gebrúk west om it hout yn to biwarjen. De Sylroede (F 1748). Syl = slûs, dus wetterrin nei de slûs, folle foarkommende namme. Also men oock verstonde, dat Willem Boon, teghenwoordel. mits t'invallen van de Lemster-zijl aldaer weynigh dienst can doen, ende nochtans op de Take-zijl wel beter toesicht dient ghenomen, is goed ghevonden d'selve t'ordonneren aldaer mette woninghe te komen, ende niettemin toe te sien, dat omtrent de Lemmer ofte andere quartieren gheene goederen over de dijcken en werden uytghesteecken.
De Binnenhaven en Buitenhaven.
De Vluchthaven. DE LEMMER, WEGEN - DYKEN.
Plattedyk, oanlein yn
1734. It stik sédyk fan de Lemmer nei Lemsterhoek wie min, tige min.
Dat kaem omdat er makke wie fan feangroun, dan de slappe feanige
ûndergroun en al mei al klonk it saekje yn. Dan wie it ek noch sa
dat efter dit stik sédyk inar efkes fjouwer kolken leine. G.S.
skreauwen dan ek oer dizze dyk, dat se it nedich achten in
slieperdyk to lizzen "om het afdyken van de extra ordinaire diepe
kolken en percileuse stranden. Polderdyk. Foar de mêstmakkerij fan v. d. Neut lâns nei it Tsjûkemar. Skiepedykje, sil noch wol bikend wêze. Dit is al ien fan dy nammen dy't oer in skoftsje net mear bikend binne. Ek wol Sûkerdyk neamd.
Njjedyk. Alhoewol it er
net mear oan to sjen is, wie dit in bilangrike séwarring. Dizze dyk
hat faek op trochbrekken
It Paed. Aldere namme
foar de Strjitwei, dy't oanlein is yn 1834.
Zicht naar de Polderdijk. DE LEMMER, STRJITNAMMEN. It Greate Hoofd. 1880 roun fan de Skulpen be-easten de slûs richting fan de gording yn de fluchthaven. It Lytse Hoofd. Sahwat gelyk op mei de Emmakade roun op it ein nei it greate hoofd ta. Dizze hoofden wiene fan houten peallen. It Greate Leech 1880. Fan it tramstasjon nei it Ooievaersnêst roun in rige peallen foar de séwearing. Bûten dizze peallen wie it grèate leech It Lytse Leech. De huzen yn it tsjintwurdiche Leech stiene der noch net. Wol in rige peallen ek foar de séwearing. De huzen yn it Leech binne oer dizze peallen hinne boud. De wenningen yn de Boppeskâns seagen doe dos oer sé út. De Merk (F 1748) "een huysinge aan het merkt in de Lemmer", nou B.K. plein. Yn 1887 is de merk trochgroeven om in koartere forbining mei de haven te krijen, nou dan wer yn de âlde steat. Jammer is dat dizze namme fordwine moast, historysk groeide nammen moatte net foroare wurde. Bakkershoek, diel fan de merk. Under de hoek. Al hat hjir nea in nambuortsje stien mei dy namme, elts wist dat dit it sté wie foar, Cafetaria Schaaf. De Hichte. It plak foar foto Werner: It wrâldnijs, it doarpsnijs wurd hjir noch altyd fan it noadiche kommentaer forsjoen. Skulpen. Wie froecher lytser en hie doe de namme fan Havenswal, (F 1748) "De Heer Andringe een huys op de Havenswal" . Gedempte Gracht, tapasselike namme, hjir roun de Rien troch, dempt in1887.
Schans. Schotanus 1661
skriuwt oer de Lemmer: "Hier plagt in tijden van oorloghe een schans
te zyn die ook de Hollandsche graven in bezit
SpinhúspoIle,
Tsjerkeboeken 1691: "Fan de Markt, Agterom tot op de Pol". Dit
terrein hat. tusken twa deade gatten lein tusken Skâns en Rien en
wie om 1880 hinne eigendom fan de diakonie. It hat lang as jiskelân
tsjinne. Weverswal, tusken Agterom en Fiskersbuorren. As dizze namme yn forbân brocht wurde mei mei it weven fan biezen matten, dat se yn it earmhûs diene, is net nei to gean.Dat aer yn it earmhûs weef waerd is út de diakonyboeken bikend. In fjirde part fan hwat se fortsjinnen mocht hâlden wurde.
Achterom. Komt yn de
Tsjerkeboeken yn 1691 foar. Hjir hat it yn 1817 boude earmhûs stien.
Der binne nochal hwat nammen Wide steech - Oranjeboomsteech, Beintjehoeksteech, Earrebarresteech, Earmhûssteech, Harmoniesteech, Skoallesteech, tusken De Helling en Dijken. Fierder de Koartestreek op de Bokkesteech, Pottebakkerssteech Dûbelsteech, Tsjerkeboeken 1691: foarkommende as Dubbelstraat. Lommertsteech, ek wol sein fan Brouwersteech, tsjinoer it Postkantoar. Yn dizze steech de bank fan liening, de lêste bankhalder wie in IJlst. Roordasteech, selde as Lommertsteech. Lynbaan, (F 1748). Der hawwe twa touwslagerijen west yn ,dizze strjitte. Yn de L.C. jan. 1791 komt de adfortinsje foar: "Drie à vier lijnbaans-knechten werk begerende te hebben, adressere zich in persoon op 't spoedigste aan de lijnbaan van 'Sjoerd Stapert in de Lemmer". Kipebuertsje, sil der de langste tiid ek wol stien ha. Swartewegje, de namme fan in sintelpaed, hwat nou de Flevostrjitte is. It Ein, selde as Turflàn. Pietersbuurt, is in diel fan it Turflan. De namme komt fan Pieterbaes, in timmerman dy't dizze wentsjes delset hat. Singel, hjir stie yn in rjochte streek ek in diel fan de Pieterbaeswentsjes.
Túnstrjitte. Dizze
strjitte is sa neamd, omdat er set is op de tún fan de Kempenaar,
dy't syn hûs hie op de Skulpen. By dizze wenning wie in greate tun,
dy roun oan de Pottebakkerssteech ta. Tusken dizze tun en de
Langestreek wie in slaet, krekt as tusken de tun en de
Waaigat, de namme liket
op 't 'earste gesicht net sa moeilijk, komt fan waeien, mar hwer
waeide it eigenlik net, doe't de Lemmer foar iepen sé lei? Waeien
kin ek wize op trochbraken. Soms wurdt it ek brûkt foar djippe kûen
hwer groun foar de dyk úthele is. Noorwegen, wie om 1880 hinne de namme fan it lêste stikje Langestreek oan de tramdyk ta. Siberië, is nei it ôfskaffen fan de Spinhuspolle as jiskelân, it plak wurden dêr 't de yntiids bifaemde Lemster jiskepream syn lading loste. Nou is dêr dan de jachthaven. De Polle, tagongswei nei de houtmoune efter winkel fan Slump.
DE LEMMER, DIVERSEN. Spûkershikke. Op de sédyken om de Lemmer waerd nochal hwat fé wéide.- Om to forkommen dat it fé net al to fier fuortroun, stiene der op bipaelde ôfstânnen hikken, op it weidiel fan de dyk hie men in hikke pleatst, dy troch it forkear seIs iependien wurde moast. De dyk nei de Kunder hie noch al hwat fan dizze giele hikken. De earste hikke nei Pasfear wie de Spûkershikke. it sechje gie dat er by joun fansels iepengie, sûnder dat er in minske oan to pas kaem. Frjemd dat soks altyd allinne by nacht barde. Pasveer is pas-ver fan de Lemmer. Oer de dyksleat lei in ophaelbrêge. Slûkershaventsje. Wettergemaeltsje mei sluske yn 't bigjin fan 't Hop, oanlein yn 1922, tagelyk mei it yndykjen fan 't Hop. Easthoeke. Hoeke fan 'e dyk tsjinoer de houtmoune. Vluchthaven. Eardere fiskershaven. Tramhaven, makke yn 1901. Stjonkhoeke. De fileardery fan Gebr. Sterk stiet der nou. De Wielpollen, Krt 1718, lyts eilantsje yn de Brekken westkant. De Lytse Murk. Fiskershuske hat stien aan de Brekken eastkant. Hjir hat in Murk Koopmans wenne. PIET. J. WINIA UIT CANADA, had de volgende aanvulling: LYTSE MURK's HUSKE, DAT HUSKE STOND ACHTER DE DE BOERDERIJ VAN MIJN GROOTVADER PIETER S WINIA SCHILSTRA WOONT ER NU. HET STOND OP DE POLDERDIJK BIJ DE BREKKEN EN ER WAS EEN SLUIS VLAKBIJ. DAT WAS VROEGER VOOR DE BOTEN DIE BRACHTEN KLEIMODDER NAAR DE BOEREN, WIJ NOEMDEN HET 'HET SLUSHUSKE'. LYTSE MURK KOOPMANS, WOONDE ER IN MIJN TIJD. GROTE MURK WOONDE BIJ HET OVERHAAL NAAR OOSTERZEE. NA LYTSE MURK, STOND HET LEEG. LATER WOONDE MARTEN HOFMAN ER. Joadsk tsjerkhôf by Teakesyl, L.C. 14 augustus 1876: "Jhr. v. Sinderen, burgemeester van Gaasterland, geeft aan de Lemster Joden een stuk grond ten geschenke."
Villa Nova, buorkery
tsjinoer it gasfebryk, ôfbarnd 1966. Voorby de Kalkovens tot in de
vaart de Zylroede ten noorden de Blokjebrêge, brêge by de âlde slûs. It dek oer dizze brêge bistie ut houten blokjes. Lange brêge, de foargonger fan de Flevobrêge, dit wie in draeibrêge. Plugsbrêge 1880. Doe't de Rien syn loop hie oer hwat nou de Gedempte Gracht is, lei de Plugsbrêge fan Noppert nei de drukkerij. Truitjezijlsbrêge, forbining Skâns-Hichte. Foar 1887 lei dizze. brêge oer de Rien fan Merk nei de Nybuorren. De namme is ôfkomstich fan in gat dat der nak by lein hat; it saneamde Truytiesgat. Dizze brêge hie ek wol de namme fan Hottingabrêge, (F 1748), een huysinge over de Truytjezyl. Knarjeflecht, hûs yn 't Achterom.
Aldeslûs, krige denamme
fan âlde doe't de slûs yn 1887 in ein fierderop lein waerd. Der is
al hiel hwat skreaun oer de tolheffing fan de
En dan fierders : "Offet nyet
raedtsaem soude syn dat de voorn. zyll omme 't ontgaan die groote
costen van den voorn. deurgravinghe en de beter commonditeit van
dyen verlecht werde naeder aen den dyck." .
Oudesluis.
Het Dok. Niets uit deze website mag worden verveelvoudigd en/of openbaar gemaakt of op andere wijze gebruikt worden zonder voorafgaande schriftelijke toestemming van de samensteller.
|