Gedicht
van de afsluitdijk.
It regear hat
greate plannen, men wol meitsje in ôslûtdyk
Yn ús lytse
fiskersdoarpke wordt in elts sa mankelyk
Fiske hat men al
syn libben, 't joech oan folle deistich brea
As dan aenst dy
dyk dèr ré leit, wurdt de Lemmer stil en dea
Hwer moatte al dy
fiskers hinne?, hwer fine hja nou in bestean ?
Harkje, hwant sy
hawwe plannen, sa sil it yn 'e takomst gean
Fan hegerhân hat
men te soargjen, komt 'r gjin fisk mear yn 'e beun
Dat wy
alleggearre krije fan 't regear, in dofke steun
Wier nou meitsje
sy in mârke fan ús, âlde Sudersé
*
Aant giet nei
Grins ta, om in arke foar de binnefiskeree
Nè ik hoech gjin
steun sei hy tsjin Jaantsje, hwant hy is in goocheme
muus
Jow ús Rienk mar
in goed baentsje, by in brège of op in sluus
Trije goune krijt
Jelle van Betsje, mar dér kin dy man net mei ta
Hij hoecht net
mear, seit de boargemaster, hy bringt it dochs nei
Lyklema
Jan Mulder seit:
goaij droech dy rommel, hwat jowt langer sa'n
geklauw
Lemsters bliewe
altyd fiskers, har hert lukt ivich nei de sé
*
'k Haw in
draeimole en in skommel, dér reizigje ik de merken
mei au
't Wurdt in boel
seit Jan fan Afke, mei dy droege Sudersé
Ik stjúr myn
jonges gauw nei Wafke, nei de boekdrukkeree
Jelle Calsbeek
dat is sa'n âlde struner, en derbei in hele menear
Hy wurdt
katecheseermeester op 'e Kúnder, de jas mei slippen
hinget al klear
Gerard Platte sei
tsjin syn Marijke: it hindert ús neat, wy hawwe gjin
bern
Wy wurde vader en
moeder fan it earmhûs, op 'e Jouwer, dat sille jim
sjen
Lytse Rienk dy
hat gjin soargen, is alhiel net bang, o né
Is 't fiskjen
dien, dan sútelje ik sa mar, mei in karre mei
súpenbrei
*
It swier wurk kin
ik net mear tille, sa krimmenearret Gouke de Skeg
Yn 'e stien of yn
de makade, haw ik daliks pyn yn 'e rêch
It is ek sa, seit
Gryt fan de Sande, it losse wurk wurdt dy te zwier
Nim een koer mei
allerhande, dan beskarrelst ek wol in deihier
De hangen gean ik
nei de miter, wurkeloas, o hwat in krús
Jakon, Harmen,
Obbe en Pieter, bringe nou gjin sent mear thús
De seilmakkerij
fan Marten Fokerts, giet oer de kop, da's sonder mis
Jan Pen syn bean
wol fan it selfde, as 'r gjin fiskeree mear is
*
De Lemmer is ta
stjerren opskreaun : aken, botters waerdeloas
De reuk fan fisk
en taande netten, komt ús net mear yn 'e noas
De beakens moatte
wy forsette, al is dat ús net nei 't sin
Sa praette ek
Leeuwke fan Jette, ik wurd mar boatsfeint as it kin
Mar, hoe 't ek
sil beteare, komt dy ôfslútdyk ris ré